Kanadeeske kano's stellen

It bedriuw "Kanovaren In Noord-West Friesland"
Fan de kanosteger yn Kimswert binne it ôfrûne wykein twa Kanadeeske kano's stellen fan it merk Coleman. Se binne fan it bedriuw 'Kanovaren in Noord-West Friesland' en ha in wearde fan 600 euro.
It bedriuw is dupearre want it hat mar fjouwer sokke kano's yn de ferhier. De eigners dogge dan ek in oprop oan minsken dy't de kano's sjoen hawwe of witte wêr't se binne. Foar de gouden tip is der in beleaning.