Oerwinning Jong Cambuur

Bovar Karim soarche foar it grutste part foar de einstân fan 3-0 foar Cambuur
It belofteteam fan Cambuur hat moandeitejûn mei 3-0 fan jong AGOVV wûn. Yn de earste helte iepene Bovar Karim de skoare. Nei it skoft waard it 2-0 troch René_Hoen. Bovar_Karim, in pear wike lyn út de earste seleksje setten, tekene foar de 3-0 einstân.
Jong Cambuur hat no 22 punten út 17 wedstriden. Koprinner is jong ADO Den Haach.