Wer winst jong Hearrenfean

19 mrt 2007 - 22:19

Jong Hearrenfean wûn moandeitejûn foar de fyftjinde kear dit seizoen. Jong Willem II waard mei 3-0 ferslein. De doelpuntemakkers wiene Calvin-Jong-A-Pin, Ugur Yildirim en Age Hains Boersma. It belofteteam fan de Feansters stiet fier boppe-oan mei 48 punten út 21 wedstriden.

De wedstriid fan jong Hearrenfean yn de heale finale fan de bekerkompetysje tsjin jong FC Utrecht is fersteld. De wedstriid wurdt no spile op 10 april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)