CHN krijt in ABN/AMRO-kantoar

De CHN yn Ljouwert krijt in festiging fan ABN/AMRO
De Kristlike hegeskoalle yn Ljouwert krijt in festiging fan ABN/AMRO. It giet om in festiging dy't rund wurde sil troch meiwurkers fan de bank èn studinten fan de CHN. It mes snijt sa oan twa kanten: de studinten kinne staazjerinne by in bankbedriuw en de bank kin oan nije klanten en takomstige wurknimmers komme.
De bank ferwachtet nammentlik dat de arbeidsmerk de kommende tiid krapper wurde sil.