Nije priis kreative jongerein

19 mrt 2007 - 18:41

Kreative jongeren tusken de 16 en 26 jier kinne yn april meidwaan oan in designpriis fan Keunstwurk. Jongeren krije sa de kâns om oan it grutte publyk sjen te litten wat se kinne. Philips sponsort de priis en it motto is ''verzin een ding''. By Keunstwurk tinke se dat Fryslân in protte talinten hat dy't oan dizze priis meidwaan kinne.

As de priis in súkses wurdt is it de bedoeling dat der in ferfolch komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)