Nêststiennen Drylts pleatst

Meiwurker fan 'e fûgelwacht wiist in nêststien oan
Yn in appartemintekompleks-yn-oanbou yn Drylst binne moandei tweintich nêststiennen foar fûgels ynmitsele. Doel fan de stiennen is fûgels lykas de mosk in droech ûnderkommen te bieden. Moskjes, protters en oare fûgels komme hieltyd minder faak foar yn stêden en doarpen. Reden dêrfoar is dat se nearne nestelje kinne.
De gemeente Wymbritseradiel rint foarop mei it pleatsen fan nêststiennen en nêstkapkes.