Seis lesoeren wyks yn it Frysk

19 mrt 2007 - 17:06

Underwizers op basisskoallen moatte wykliks seis oeren yn it Frysk lesjaan. De ûnderwiisynspeksje moat der op tasjen dat skoallen har dêroan hâlde. Dat stiet yn in rapport oer de rol fan Europeeske minderheidstalen yn it ûnderwiis, oanbean oan deputearre Mulder.

It rapport is makke troch it Europeesk Kennissintrum Meartaligens en Taallearen yn Ljouwert. Nimt 'Europa' de advizen oer, moat it Ryk se opfolgje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)