Fleksibele tariven by Doeksen
Rederij Doeksen wol fan takom jier ôf fleksibele tariven ynfiere foar de boaten nei Skylge en Flylân. De earste en de lêste ôffearten wurde goedkeaper, wylst de middeisboaten djoerder wurde.
Doeksen wol mei de maatregel it oantal passazjiers better oer de dei spriede. Sa moatte grôtfolle boaten foarkaam wurde. Hoefolle de tarieven feroarje, kin Doeksen noch net sizze.