Inkeld lizzende grêfstiennen

© Omrop Fryslân
Op it âldste stikje begraafplak fan Harns meie tenei allinnich noch mar lizzende grêfstiennen brûkt wurde. Dat hat de gemeente ôfpraat mei de Rykstsjinst foar Monumintesoarch.
In part fan it hof wie al yn de achttjinde ieu yn gebrûk as hôf en hat dêrom kultuer-histoaryske wearde. De gemeente hat dat stik yn 2003 opromme, mar de âlde grêfstiennen binne wol bewarre bleaun.