Acht skoallen prate oer seks

19 mrt 2007 - 12:53

De GGD jout op dit stuit op acht Fryske legere skoallen seksuele foarljochting. Yn it ramt fan it projekt 'Lentekriebels' komme GGD-meiwurkers del om de bern by te praten oer relaasjes en seks.

It giet om skoallen yn de gemeenten Kollumerlân, Dantumadiel, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. De bern reagearje faak wol wat gnizerich op de lessen oer seks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)