Balâns opmakke nei stoarm

It wetter yn 'e haven fan Skylge komt hast oan de huzen ta
De Fryske Waadeilannen makken moandei de balâns op fan de stoarm fan sneintenacht. De melding kaam pas middeis en omdat de wyn draaide, kaam it wetter heger te stean as ferwachte. Fearboaten moasten foar de kade wachtsje op leech wetter om auto's en passazjiers oan wâl gean te litten.
Op it lêste momint waarden sânsekken ynset. Op Skylge en It Amelân moasten mei in shovel auto's fuorthelle wurde, oars kamen se ûnder wetter te stean.