Ofspraken oer spesjalisten

19 mrt 2007 - 12:08

It MCL yn Ljouwert en it UMCG yn Grins hawwe ôfspraken fêstlein oer de opliedings fan spesjalisten. Doel is om spul foar te kommen oer takomstige beskikbere opliedingsplakken. Dat wurde der minder omdat der minder ferlet is fan spesjalisten.

By de ûndertekening is ek nije namme foar it sintrum foar ûnderwiis en wittenskip yn Ljouwert bekendmakke. Dat wurdt it Auletius Ynstitút nei de Fryske heechlearaar genêskunde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)