Nije bûtendykse passantehaven

19 mrt 2007 - 11:54

De oanlis fan in nije bûtendykse passantehaven yn Lauwerseach kin definityf trochgean. De jachthaven komt foar in part te lizzen yn de besteande fiskerijhaven. It wurk begjint noch dit jier en it moat foar maaie takom jier klear wêze.

Fan de fiif miljoen euro betelje de provinsjes Fryslân en Grinslân trije miljoen. De gemeenten en it Samenwerkingverband Noord-Nederland jouwe ek jild foar de nije jachthaven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)