Skoalle fierder fan UMTS-mêst

© Omrop Fryslân
De nije basisskoalle yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren komt fierder fan in UMTS-mêst te stean as oarspronklik de bedoeling wie. Dat hat de gemeente besletten nei protesten fan PAL/ GrienLinks en âlden út de wyk.
De âlden fine dat foarsichtich omgien wurde moat mei de sûnens fan bern, ek al is it net hielendal wis oft UMTS-mêsten skealik binne. De nije skoalle komt no mear as 200 meter fan de strielingsantenne ôf te stean.