Belestingkantoar fiert aksje

19 mrt 2007 - 11:43

It Belestingkantoar yn Ljouwert is moandei min te berikken foar fragen oer de telefoan. De meiwurkers dogge mei oan in lanlike aksje foar in bettere CAO. De Belestingtelefoan is wol berikber om't dêr foar in part mei útstjoerkrêften wurke wurdt. Foar dregere fragen freegje dy faak advys oan de amtners en dat kin no net.

Ryksamtners fiere al tsien wiken aksje. Se wolle 2,5 mear lean en kompensaasje foar hegere syktekosten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)