'Nije amtners homofreonlik'

19 mrt 2007 - 11:26

Nije amtners fan 'e boargerlike stân yn Achtkarspelen moatte ree wêze om ek homohouliken te sluten. Dat fynt de gemeenteriedsfraksje fan de PvdA. De sosjaal-demokraten stelle it homohoulik tongersdei mei in moasje oan 'e oarder yn de riedsgearkomste.

De PvdA fynt dat der gjin ûnderskied wêze mei by it sluten fan houliken. De partij wol dat der yn Achtkarspelen in algemiene rjochtline komt dy't wegering ûnmooglik makket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)