Brân yn pleats Aldegea (S)

18 mrt 2007 - 23:49

Oan it West yn Aldegea S. hat sneintejûn brân west yn in âlde pleats. It fjoer ûntstie by de piip fan de kachel. De brânwacht rukte mei grut materieel út.

Troch it dak fan binnen en fan bûten wiet te hâlden slagge it om de pleats te behâlden. Dat wie mei te tankjen oan de ynset fan de eigner sels. Hy gong fuortendalik it dak op om de boel mei in túnslang wiet te hâlden. Der is wol flinke wetterskea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)