Wâldnet moat gegevens mar jaan

18 mrt 2007 - 17:49

De website Wâldnet kin de gegevens fan ien fan de dielnimmers oan it foarum mar it bêste frijjaan. Dat advys hat Wâldnet krigen fan syn juridysk adviseur. Wâldnet hat dat advys sels publisearre op de website.

Dit wykein waard dúdlik dat de plysje de gegevens ha wol fan immen dy't himsels op de website 'Henky út Jistrum' neamt. De plysje fielt him misledige troch wat dizze Henky skreaun hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)