Twa gouden spjelden útrikt
Op it federaasjefestival fan muzyk- korpsen sneontejûn yn de gereformearde tsjerke fan Kollum, binne 2 muzikanten ûnderskieden foar har wurk binnen har ferienings. De Vries fan De Bazuin fan Triemen/Westergeast krige in gouden spjelde mei safier fan de NFCM.
Fan muzykferiening Juliana út Kollumersweach krige Riemie de Boer in gouden spjelde. De spjeldsjes waarden útrikt troch foarsitter Durk Dam fan it kristlik bûn fan muzykferienings.