Mishanneling yn Easterwâlde

18 mrt 2007 - 16:00

Oan de Boekhorsterswei yn Easterswâlde is snein betiid in man skopt en slein yn syn eigen hûs. De man waard om ûngefear healwei seizen wekker fan glêsgerinkel. Hy kaam fan't bêd en seach trije jonges yn syn hûs. Dy begûnen fuortdalik te skoppen en te slaan. De man rekke dêrby licht ferwûne oan earmen en holle.

De man is troch ambulancepersoniel behannele. Wat de reden wie foar de mishannelings, is net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)