Brievebus Sibrandahûs fernield

18 mrt 2007 - 15:49

Oan de Burdaarderstrjitwei yn Sibrandahûs is dit wykein in brievebus fernield. In foarbygonger seach dat de brievebus stikken wie en fûn ek 30 brieven en oare poststikken yn de buert. In part dêrfan wie wiet wurden.

De post is troch de plysje meinommen. Moandei sil dy post oerdroegen wurde oan TNT Post. De plysje siket noch út wa't ferantwurdlik is foar de fernielings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)