Fryske skriuwdei yn Ljouwert

Belangstelling foar Fryske skriuwdei
Sawat 50 minsken hawwe snein meidien oan de 14e Fryske skriuwdei. Dy waard hâlden yn Tresoar yn Ljouwert. Doel fan de dei is om minsken waarm te krijen foar it skriuwen yn it Frysk.
Der waarden ferskate workshops hâlden oer skriuwen, foardragen en presintearjen. Dielnimmers moasten sels ek stikken skriuwe en foarlêze. Yn de wintermoannen hâldt Tresoar gauris kursussen. De provinsjale skriuwdei makket dêr reklame foar.