Deadlik ûngelok by Boarnburgum

18 mrt 2007 - 10:58
  • Boarnburgumer komt om (foto Martijn de Vries)
  • Autobestjoerder sjocht fytser net (foto Martijn de Vries)

Op de Easterbuorren yn Boarnburgum hat sneon in deadlik ûngelok west. It slachtoffer is in man fan 78 út Boarnburgum.

De man waard op syn fyts oanriden troch in bestelauto. Dy waard bestjoerd troch in man út Beetstersweach. Dy seit dat hy de fytser net sjoen hat. It slachtoffer is op it plak fan it ûngelok noch behannele troch in traumateam. Letter is de man ferstoarn yn it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)