Moaie oerwinning Hearrenfean

17 mrt 2007 - 23:34
  • Afonso Alves wie de man fan de wedstriid

De Sportklub Hearrenfean wûn sneontejûn yn it Abe Lenstra stadion mei 4-2 fan NAC Breda. It tefreden publyk seach dat de grutte man by de thúsklub de Braziliaan Afonso Alves wie. Hy makke trije fan de fjouwer doelpunten. Lasse Nilsson wie de oare doelpuntemakker. De beide goals fan NAC wiene fan Glen Salmon.

Troch de winst hat Hearrenfean no 47 punten út 29 wedstriden. Nederlânsk topskoarer Alves stiet no op 25 goals.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)