Dik ferlies foar Aris

© Omrop Fryslân
Basketbalklub Aris is tsjin in blamaazje oprûn. Thús waard mei 70-104 ferlern fan Omniworld út Almere. Omniworld is yn de kompetysje lêste. Aris spile ien fan de minste wedstriden fan it seizoen. Sawol ferdedigend as oanfallend hie Aris neat yn te bringen.
Troch de nederlaach is Aris no dield lêste mei Omniworld. De Ljouwerters hawwe wol in wedstryd minder spile.