Sven Kramer huldige

Sven Kramer is huldige op it gemeentehûsfan It Hearrenfean
Reedrider Sven Kramer is sneon huldige op It Hearrenfean. Der wienen in lytse hûndert minsken. Op it gemeentehûs krige Kramer de Sportwikselpriis 2006. De Aldskoater waard dit jier Europeesk en Wrâldkampioen Allround. Hy wûn ek by de ôfstânskampioenskippen yn Salt Lake City de 10.000 en 5000 meter en de ploege-achterfolging.
De huldiging yn it Abe Lenstrastadion is sneon by Omrop Fryslân te sjen yn in ekstra Hjoed om 20.00 oere.