Nij gebou KNRM Lauwerseach

© Omrop Fryslân
Yn Lauwerseach is sneon it nije ûnderkommen foar de bemanning fan de rêdingsboat iepene. Frou Visser hat it ûnderkommen betelle. De ynrjochting fan it ûnderkommen kaam foar rekken fan in tal bedriuwen yn de regio.
Frou Visser hat al earder jild jûn foar de bou fan gebouwen fan de KNRM. Yn it nije ferbliuw is plak foar 20 bemanningsleden. It rêdingsstasjon op Lauwerseach hat twa boaten. Ferline jier kamen dy 81 kear yn aksje.