Suleimanji mei net spylje

17 mrt 2007 - 12:57
  • Suleimanji mei noch net yn aksje komme by SC Hearrenfean

Oanfaller Suleimanji mei noch net foar Hearrenfean spylje. It Servyske fuotbalbûn wol earst noch mei it wrâldfuotbalbûn FIFA prate oer de problemen tusken Hearrenfean en Partizan Belgrado, de eardere klub fan Suleimanji. De klubs kinne it net iens wurde oer de opliedingsfergoeding dy't Hearrenfean betelje moat.

Partizan skraste de spiler dêrom en dat naam it fuotbalbûn fan Servië oer. Neffens de FIFA mocht dat net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)