Winner skripsjepriis bekend

17 mrt 2007 - 12:34
  • Marijke Andringa hat skripsjepriis fan de Fryske Akademy wûn

Marijke Andringa út Reahûs hat de skripsjepriis fan de Fryske Akademy wûn. De priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt. Doel is studinten te stimulearjen skripsjes oer Fryslân te skriuwen.

De winner makke in skripsje oer de ûntwikkeling fan eastlik Fryslân yn de fyftiger jierren. Har skripsje waard keazen út sân ynstjoerings. De priis bestiet út 1000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)