Sinnepanielen op ôfslútdyk?

16 mrt 2007 - 21:02

De ôfslútdyk krijt takom jier miskien al sinnepanielen, oer in lingte fan in kilometer. De trije technyske universiteiten yn Nederlân hawwe dêr plannen foar, sa stiet yn it universiteitsblêd fan de TU yn Delft.

As it projekt útfierd wurdt, duorret it noch wol 20 jier foardat de ôfslútdyk hielendal beklaaid is. Der moat útsocht wurde oft it ferkear lêst hat fan de spegeljende sinnepanielen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)