Soad krityk op Connexxion

16 mrt 2007 - 16:52
  • Connexxion nimt de klachten serieus en wol der wat oan dwaan

Connexxion krige freed in soad krityk op it busferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân. Reizgers-organisaasje ROCOV hâlde tegeare mei it bedriuw in ynformaasjemiddei op 'e Jouwer. Neffens de oanwêzigen is der nochal wat mis. Sjauffeurs denderje te hurd troch de doarpen en op klachten komt gjin reaksje. De grutste krityk wie der op de taksy's dy't minsken nei de bushalte bringe moatte. Faak komme dy net iens opdaagjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)