Yllegale hûnefokker op It Bilt

© Omrop Fryslân
In man (36) út de gemeente It Bilt hat prosesferbaal krige foar it yllegaal fokken en ferkeapjen fan hûnen. De bisten sieten yn in skuorre. It giet om in mantsje, seis fokwyfkes en twa nêsten mei trije jonge hûntsjes.
Twa hûnen hiene wiene rudich as gefolch fan minne fersoarging. De eigner krige dêr in warskôging foar. De ynspeksjetsjinst sil mei-koarten wer by de man del om te sjen oft er de saken better op oarder hat.