Boete foar crosse yn 'e natuer

© Omrop Fryslân
Twa jonges fan achttjin en tweintich jier binne tongersdeitemiddei troch de plysje trapearre op crossen yn in natuergebiet. De jongemanlju komme fan De Wylgen.
De manlju wiene mei harren minicrossbikes oan it crossen yn in natuergebiet oan de Biskopswei. Soks mei net omdat it tige steurend is foar fûgels dy't oan it brieden binne. Beide manlju hawwe in bekeuring krige.