Legionella yn swimbad Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn swimbad Kealledykje yn Ljouwert is legionella oantroffen. De baktearje sit yn de dûsen. Der binne oant no ta gjin syktemeldings binnenkommen nei oanlieding fan de besmetting. Ut foarsoarch binne de dûsen tydlik net yn gebrûk. As by ûndersyk de legionallabaktearje net mear oantroffen wurdt, sille de dûsen nei alle gedachten binnen 14 dagen wer frijûn wurde. It swimbad is wol gewoan iepen foar publyk.