Goutum tsjin nijbou Ljouwert

16 mrt 2007 - 13:37

Ynwenners fan Goutum sette nei alle gedachten de protesten tsjin de bouplannen fan de gemeente Ljouwert troch. Op in ekstra gearkomste fan doarpsbelang wiene tongersdei in soad tsjinlûden tsjin de bou te hearren.

Ljouwert hie doarpsbelang frege de beswieren yn te lûken. It giet benammen om de bou fan huzen besuden de Blau-Wyt-fjilden. Dy begjint takom jier, mar doarpsbelang fynt dat dêr langer wachte wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)