'Nije boargemaster foar fúzje'

16 mrt 2007 - 11:22

De nije boargemaster fan de gemeente Gaasterlân-Sleat moat foarstanner wêze fan in fúzje fan gemeenten yn 'e Súdwesthoeke. Dat fynt de gemeenterie fan Gaasterlân-Sleat. Op dit stuit is der in tydlike boargemaster nei't Thea_de_Roos fuortgien is.

Op 1 septimber moat der in nije boargemaster wêze. De gemeenterie fynt dat dy foarstanner wêze moat fan in fúzje fan op syn minst fjouwer gemeenten, wêrûnder Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)