Frou ferûngelokke op A7 Nijlân

16 mrt 2007 - 07:56

By in ûngelok op autodyk A7 tusken Boalsert en Snits by Nijlân is tongersdeitejûn in 36-jierrige frou út De_Hommerts om it libben kaam. Se sieten yn ien fan de twa auto's dy't mei-inoar yn botsing kamen. De brânwacht fan Snits en Boalsert moasten deroan te pas komme.

Oer it ûntstean fan it ûngelok en mooglik ferwûne minsken is fierders noch neat bekend. De plysje is op syk nei tsjûgen fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)