Grêften Snits skjinmakke

15 mrt 2007 - 16:16

Wetterskip Fryslân sil de grêften en havens yn en om Snits skjinmeitsje. Sa wurdt de wetterkwaliteit ferbettere. Op ferskate plakken binne boaiems fersmoarge troch yndustry, ûnder oare by it eardere gasfabryk. It baggerslyk dat by it skjinmeitsje frijkomt, wurdt nei in baggerdepot by Grou brocht. It wurk oan de grêften begjint yn april en moat oan de ein fan dit jier klear wêze. De kosten binne goed 3,5 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)