Regearakkoart foar jongerein

© Omrop Fryslân
Yn Beetstersweach is tongersdei in jongereinregearakkoart presintearre. Dat is in alternatyf regearakkoart, spesjaal rjochte op jongerein. In groep fan tritich jongeren út it hiele lân hat in pear wiken dwaande west mei it gearstallen dêrfan.
Minister van Jeugd en Gezin André_Rouvoet naam it akkoart yn ûntfangst. By it akkoart heart ek in lesprogramma, dat fan april ôf beskikber is.