Tentoanstelling Van Schurman

15 mrt 2007 - 15:30

Museum Martena yn Frjentsjer organisearret meikoarten in tentoanstelling oer it libben fan Anna Maria van Schurman. Sy waard 400 jier lyn berne yn Keulen en ferhuze letter nei Frjentsjer. Se wie yn har tiid in ferneamd wittenskipper.

De tentoanstelling wurdt organisearre omdat Anna Maria van Schurman neffens it museum yn it ferjit rekke is. Museum Martena hat ien fan de grutste kolleksjes oer de wittenskipper.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)