Van der Steen wer op 'e motor

© Omrop Fryslân
Speedwayer Henry van der Steen fan Aldebiltsyl docht dit wykein wer mei oan in wedstryd. Hast in jier lyn rekke hy noch swier ferwûne. De 19-jierrige motorcoureur koe miskien net mear rinne en hy wie oan de rjochterkant diels ferlamme.
Dit wykein begjint it seizoen mei in wedstryd yn it Dútse Moorwinkelsdamm. It giet om de earste wedstryd fan it iepen Nederlânsk Kampioenskip.