Bou Wergea-west mei begjinne
Ynwenners fan Wergea hawwe har striid tsjin de oanlis fan de wyk Grut Palma oan de westkant fan Wergea ferlern. De Wergeasters hienen by de Raad van State berop oantekene tsjin de boufergunning fan de gemeente Boarnsterhim.
De bewenners fine dat de bou briedende fûgels steurt en dêrom yn striid is mei de flora- en faunawet. De Raad van State giet net mei yn dat beswier.