Nominaasjes bêste berneboek

© Omrop Fryslân
Skriuwster Lida Dijkstra makket opnij kâns op it winnen fan de Simke Kloostermanpriis. Se is mei har boek 'Lederwyntsje' ien fan de nominearren. Ek Auck Peanstra, Hanneke de Jong, Jelle Bangma en Eppie Dam meitsje kâns op de priis.
De fiif nammen waarden woansdei bekend makke. De Simke Kloostermanpriis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt foar it bêste Frysktalige berneboek. Lida Dijkstra wie de lêste winner.