Twa opsjes foar Merk yn Dokkum

15 mrt 2007 - 10:01

De gemeente Dongeradiel lûkt 10.000 euro út om de twa opsjes foar de ynrjochting fan de Merk yn Dokkum fierder út te wurkjen. De gemeente wol de ynwenners fan de stêd belûke by de kar fan it úteinlike plan.

Earder al stimde de gemeenterie yn mei it oanlizzen fan it startpunt fan de Bonifatiusrûte op de Merk. Dat startpunt sjocht derút as in altaar mei dêrop bylden fan de keunstners Groenewoud en Buij út Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)