Oanhinger mei skroat kantele

© Omrop Fryslân
De provinsjale dyk tusken Frjentsjer en Winsum hat tongersdei in skoft stremd west. By Wjelsryp kantele foar sânen in oanhinger mei skroat. Dat soarge foar sa'n ravaazje dat ferkear der net lâns koe.
Wêrom't de oanhinger kantele is net noch bekend. It hat oant healwei alven duorre foardat de dyk wer skjin wie. De oanhinger hat by it kanteljen ek ferljochting fernield. Dy moat noch makke wurde.