Flyers ferlieze fan Trappers

14 mrt 2007 - 23:20

De Vadeko Flyers hawwe woansdei de earste wedstryd om it lânskampioenskip ferlern fan de iishockeyers fan Tilburch. Yn Brabân ferlear de Fryske club mei mar leafst 5-2. Nei twa perioades stiene de Flyers noch mei 2-1 foar, mar yn it lêste part krigen se noch fjouwer goals tsjin.

Sneon spylje beide teams op 'e nij tsjin inoar, mar dan op it Hearrenfean. Uteinlik wurdt oer 5 wedstriden útmakke wa't kampioen wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)