Staking finzenispersoniel

14 mrt 2007 - 15:51

It personiel fan de finzenissen yn Ljouwert lei tongersdei it wurk in heale dei del. De wurknimmers fan de Marwei en de Blokhuispoort protesteare sa tsjin it útbliuwen fan in nije CAO. De staking is ûnderdiel fan in estafette-aksje dy't yn finzenissen troch it hiele lân hâlden wurdt.

Ryksamtners fiere al wiken op ferskate wizen aksje foar in bettere CAO. Se wolle ûnder oare 2,5 persint mear lean hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)