Soargen oer ferrin politisy

Ed Nijpels makket him soargen
CdK Ed Nijpels makket him soargen oer it grutte ferrin ûnder de Fryske politisy. Woansdei hawwe 33 fan de 55 steateleden ôfskie nommen. Nijpels is benaud dat der te folle ûnderfining ferdwynt. De kommissaris steurt him ek oan de iepenbiere diskusje oer it nut fan de provinsje as bestjoerslaach.
Tongersdei wurde de nije steateleden beëdige. Dan sil ek it debat fierd wurde hokker partijen Fryslân de kommende 4 jier bestjoere sille.