Hennepkweker oprôle

14 mrt 2007 - 15:02

Yn in wenning oan de Foarstrjitte yn Frjentsjer hat de plysje woansdei in hennepkwekerij oprôle. Op de souder fan de wenning fûn de plysje 300 plantsjes dy't hast grut genôch wiene om plukt te wurden. De plysje hat de planten en de apparatuer dy't brûkt waard yn beslach naam. De bewenners, in man fan 43 en in frou fan 32, binne oanhâlden.

De kwekerij is oprôle nei in anonime tip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)