Flugger yninte foar fakânsje

14 mrt 2007 - 13:56

Minsken dy't nei it bûtenlân geane en fanwege har einbestimming yninte wurde moatte, hoege net perfoarst mear nei de GGD. Se kinne ek terjochte by it bedriuw Medisecure Friesland om har prik te heljen. Medisecure is in faksinaasjesintrum yn Toppenhuzen dat yntusken in jier bestiet.

It kommersjele bedriuw lûkt hieltyd mear klanten. Foardiel is dat je der op koarte termyn te plak kinne. By de GGD binne wachtlisten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)